Jodocus Hondius

Jodocus Hondius op in gravuere út 1619

Jodocus Hondius of Judocus Hondius. Nederlânske namme: Joost de Hondt - d'Hondt (Wakken, 17 oktober 1563Amsterdam, 12 febrewaris 1612) wie in Flaamsk kartograaf, dy’t yn Londen en Amsterdam wurke, en fral bekend is as werútjouwer fan de atlassen fan Gerardus Mercator.

Hondius waard berne yn it Westflaamse Wakken en brocht syn jeugd troch yn Gint. Yn ’t earstoan wie er graveur, kalligraaf en stimpelsnijer.

Yn 1584 flechte er nei Londen om oan de Spaanske Ynkwisysje te ûntkommen. Yn syn Ingelske tiid joech Hondius it wurk fan Francis Drake út. Dy hie yn de jierren 70 fan de 16e iuw de wrâld omfearn. Benammen makke er in no ferneamde kaart fan Nij Albion, in koart skoft tiid in Ingelske koloanje oan de westkust fan Noard-Amerika. Teffens wurdt wol tocht dat Hondius de keunstner is dy’t de bekende portretten fan Drake make hat. Yn 1593 ferfarre er nei Amsterdam, dêr’t er oant syn dea ta bleauwe soe. It hûs dêr’t er wenne krige da namme 'In de Wackere Hondt', in ferwizing nei syn berteplak en syn famyljenamme.

Yn Londen wie er befreone mei de kartograaf John Speed (1553-1629). Speed liet de kaarten foar syn twa grutte monumintale wurken (The Theatre of the Empire of Great Britain en Prospect of the most famous parts of the World) foar it grutste part yn Amsterdam troch Hondius gravearje.

Hondius wie besibbe oan Pieter van den Berghe (Petrus Montanus), Pieter van den Keere (Petrus Kaerius) en Johannes Janssonius. Nei syn dea waard de útjouwerij fuortset troch syn soannen Jodocus II († 1629) en Henricus (1597-1651).[1] Oant yn de 18e iuw waarden de kaarten van Hondius op 'en nij útjûn, û.o. troch Frederik de Wit en de firma Valk & Schenk.

  1. http://www.wdl.org/en/item/11337/

Developed by StudentB